Wa wint poppriis: The Homesick, Thomas Azier of Deepgroves?

12 des 2017 - 22:19
The Homesick yn De Wereld Draait Door (screenshot)

The Homesick, Thomas Azier en Deepgrooves binne de trije nominearren foar de Fryske Popaward. Stichting Friesland Pop hat de nominaasjes bekend makke. Wa't de winner is, wurdt op 16 desimber bekend makke op it Freezefestival yn Neushoorn yn Ljouwert.

The Homesick út Dokkum waard yn 2014 bekend yn Fryslân. Se binne trochbrutsen yn it Nederlânske klupsirkwy. Hichtepunt wie de seleksje foar it South by Southwest-festival yn Austin, Texas. Dêr stjoere lannen harren bêste acts hinne.

Thomas Azier groeide op yn Nijeberkeap en wûn yn 2012 de talintepriis fan Friesland Pop. Dêrnei ferhuze er nei Berlyn om ynspiraasje op te dwaan foar syn eksperimintele muzyk. Foar syn twadde album ferhuze er nei Parys. Hy wie en is súksesfol yn binnen- en bûtenlân.

De tredde nominearre, Deepgroves, is in fabrykje foar finylplaten. Chris Roorda en Pascal Thulin operearje fanút de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)