Brân nei koartsluting yn bluswein brânwacht

12 des 2017 - 21:51
Foto: BTB Fotografie

Yn in bluswein fan de brânwacht fan It Hearrenfean hat tiisdeitejûn brân west. Dy ûntstie troch koartsluting yn de betriedding. De brânwacht wie yn de wein op 'en paad nei in oefenlokaasje doe't de koartsluting ûntstie. Dêr kaam in soad reek by frij.

It korps fan Tsjalbert waard oproppen om te helpen, mar hoegde net yn aksje te kommen. De bluswein is troch in sleper ôffierd.

Trefwurden: 
brân brânwacht koartsluting
(Advertinsje)
(Advertinsje)