Jong Cambuur wint fan Jong ADO Den Haag
De beloften fan Jong Cambuur hawwe tiisdeitejûn yn de reservekompetysje wûn fan de leeftiidsgenoaten fan Jong ADO Den Haag. Yn eigen hûs waard it 2-1 foar de Ljouwerters. De doelpunten kamen op namme fan Rutger Etten en Darren Rosheuvel.