KNVB ferheget fergoedingen spylsters frouljusfuotbal

12 des 2017 - 20:42

Fuotbalbûn KNVB en de Oranjefroulju hawwe in akkoart sletten oer de fergoedingen dy't de froulju fan it bûn krije. Dy binne aardich omheechgien. Oer it krekte bedrach wol it fuotbalbûn gjin útspraken dwaan, mar it giet om in 'verveelvoudiging' fan it bedrach dat de froulju oant no ta krigen, seit de KNVB.

"Wy fine dat se it fertsjinje, omdat de prestaasjes hiel bot omheechgien binne", seit Jan Dirk van der Zee dy't by de KNVB ferantwurdlik is foar it frouljusfuotbal. "Nei in prachtich EK hawwe se rjocht op in hegere fergoeding, By de hichte fan de fergoeding moatst net nei in manljusfuotbal sjen. It is net te ferlykjen mei-inoar. Wy sjogge nei wat fuotbalsters fertsjinje yn oare lannen, lykas Noarwegen, Denemarken, Ingelân en Frankryk. Fierders sjogge wy nei de kommersjele ynkomsten. Der is in protte feroare nei dizze simmer. Wy hawwe no folle stadions en in telefyzjekontrakt. Wy sjogge ek nei de winsken en it ferlet fan de spylsters sels. It is in behoarlik bedrach wurden."

De ôfspraken jilde foarearst foar twa jier. Dêr sit it WK yn 2019 by yn en de pleatsing foar de Olympische Spelen yn Tokio yn 2020. De heechste trije Europeeske klups op it WK pleatse harren foar de Spelen.

Trefwurden: 
frouljusfuotbal fergoeding
(Advertinsje)
(Advertinsje)