Nederlânske garnalesektor kriget duorsum MSC-karmerk

12 des 2017 - 20:07
Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle - Foto: ANP

De Nederlânske garnalefiskerij is sûnt tiisdei offisjeel duorsum. De sektor hat yn Brussel it MSC-karmerk rige. De kollega's yn Dútslân en Denemarken krigen it karmerk ek. De útrikking wie op in gearkomste fan de lânbou- en fiskerijried. Foarsitter Kees van Beveren fan de Koöperative Fiskerij Organisaasje krige it earste Marine Stewardship Council-karmerk.

De garnalesektor is al mear as tsien jier dwaande it karmerk foar duorsumens te krijen. Foar de sektor jildt gjin fangstkwotum, en dat hat fertraagjend wurke foar it krijen fan it karmerk. De fiskers hawwe in skoft lang ôfspraken mei-inoar makke foar it maksimumtal kilo's te fangen garnalen de wike, mar se krigen dêr in boete foar fan kartelwaakhûn ACM.

De garnalefiskers út de trije Waadseelannen hawwe de ôfrûne desennia hurd wurke om oan de hege easken fan it MSC-karmerk te foldwaan, seit Van Beveren. De útrikking is in kroan op harren wurk. It lit ek oan de konsumint sjen dat de garnalen op duorsume wize fongen binne. De sertifisearring jout in ûnôfhinklke befêstiging dat it garnalebestân sûn is, goed beheard wurdt en dat der in mininale ynfloed is op it oare seelibben, seit van Beveren.

De Marine Stewardship Council (MSC) is in ûnôfhiklike organisaasje dy't in ynternasjonaal erkend miljeukarmerk ûntwikkele hat foar duorsume wyldefangstfiskerij.

It folgjende grutte probleem dêr't de garnalesektor foar stiet, is de saneamde oanwâlbringplicht, dy't ek jildt foar oare sektoaren fan de fiskerij. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 moat alle fangst oan de wâl brocht wurde. Garnalefiskers besykje de byfangst no al sa lyts mooglik te hâlden mei spesjale netten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)