Daniel Høegh: "Het is vooral een mentale kwestie"

12 des 2017 - 18:34

"Het is vooral een mentale kwestie," seit Daniel Høegh, de sintrale ferdigener fan Sportklup Hearrenfean. "Het lijkt wel alsof we alleen 60 minuten goed kunnen spelen." Hearrenfean wûn fan de lêste njoggen wedstriden mar twa kear en seach ôfrûne sneon in 2-1 foarsprong út hannen glippen. "We raken snel uit balans. Er hoeft maar iets te gebeuren. Maar we moeten positief blijven. We kunnen heel goed voetballen. Iedereen in het team moet mentaal sterker worden en samen moeten we er over blijven praten." Hearrenfean stiet no achtste, mar neffens Høegh ​moatte de supporters net yn panyk reitsje. "Dit is niks. Ik heb nog veel erger meegemaakt en gevochten tegen degradatie. Begrijp me niet verkeerd, het moet echt beter, maar dat lukt alleen door vooruit te kijken."

Ghoochannejhad op de bank: "Accepteren en doorgaan"

Nei alle gedachten begjint Reza Ghoochannejhad op de bank yn de wedstriid tsjin Feyenoord fan woansdei. Hy baalt derfan, mar is ek realistysk. "Vorig seizoen scoorde ik twintig goals, was ik belangrijk en werd ik speler van het jaar. Dit jaar heb ik genoeg kansen gekregen en ben ik minder. Elke voetballer heeft zo'n periode en ik heb dat nu. Dat moet ik accepteren." Reza makket dan ek gjin ferwyt nei trainer Jurgen Streppel: "Die verwijt ik niks. Ik moet blijven doen wat ik altijd doe en positief blijven." Sa sjocht Reza it wrâldkampioenskip fuotbal yn Ruslân mei Iran noch net yn gefaar kommen. "Daar ben ik nu nog niet mee bezig. Dat duurt nog een half jaar. Daar kan ik nu nog niet mee bezig zijn ook, want ik moet me nu eerst focussen op de eerstvolgende wedstrijd."

Zeneli en Ødegaard net by seleksje

Hearrenfean mist foar de wedstriid yn De Kuip allinnich Arber Zeneli en Martin Ødegaard. Ødegaard komt dit jier net mear yn aksje troch in ankelblessuere. Hearrenfean begjint wer mei deselde alve spilers as ôfrûne sneon tsjin VVV Venlo. By Feyenoord is de spits Nicolai Jörgensen wer fit. Dit wykein wie er noch siik. Feyenoord mist wol Bart Nieuwkoop en Miguel Nelom en de al langer útskeakele Eric Botteghin, Jan-Arie van der Heijden en Ridgeciano Haps​. By Feyenoord spylje âld-Hearrenfeanspilers Sam Larson, Jeremiah St. Juste en Bilal Basacikoglu.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt, Schaars, Thorsby, Vlap, Kobayashi, Veerman en Mihajlovic.

(Advertinsje)
(Advertinsje)