Twa kear besocht yn te brekken yn tsjerke: wurkstraf

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan de gemeente It Bilt hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen, omdat er oant twa kear ta besocht hie yn te brekken yn de tsjerke yn Aldebiltsyl. De earste kear wie er út op in kassa. Hy bruts wer yn, omdat er miende dat er de earste kear syn mobile telefoan yn de tsjerke lizze litten hie. Omdat doe it alarm ôfgie, kaam de plysje en dy koe him oppakke.
De man hat in drankprobleem, mar seit dat er dêr gjin help foar hawwe wol. De reklassearring seit dat it gjin doel hat om him ferplichte ûnder tafersjoch te stellen.