Wedstriid Jong AZ - Cambuur pas nei winterstop ynhelle

12 des 2017 - 16:59

De wedstriid tusken Jong AZ en SC Cambuur wurdt op moandei 15 jannewaris ynhelle. Oarspronklik soe it duel moandei spile wurde, mar troch it minne waar gie it net troch. Fuotbalbûn KNVB hat no 15 jannewaris as nije datum fêststeld. It sil dan de twadde wedstriid fan de Ljouwerters wurde nei de winterstop.

Op freed 12 jannewaris sette de Ljouwerters it fuotbaljier wer útein mei in thúswedstriid tsjin De Graafschap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)