Wurkstraf foar delslaan jonge yn Ljouwert

12 des 2017 - 16:54
Justysje - Foto: ANP XTRA

In man út Tytsjerksteradiel hat in wurkstraf fan 80 oeren krige, omdat er fan 't simmer yn Ljouwert in jonge delslein hat. It slachtoffer rûn in swiere harsenskodding op en twa stikkene tosken. De fertochte seit dat de jonge him útdage hie en him in kopstjit jûn hie, mar dêr binne gjin tsjûgen fan.

De rjochter lei him, njonken de wurkstraf, ek in drugs- en alkoholferbod op. En hy mei jûns nei achten net mear nei de kroech yn Ljouwert. De man út Tytsjerksteradiel hat psychyske stoarnissen. Dêr wurdt er foar behannele.

Trefwurden: 
wurkstraf Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)