De Harken kin wetteroerlêst better oan

12 des 2017 - 16:34
De Harken - Foto: Google Streetview

Wetterskip Fryslân hat it gebiet De Harken tusken Makkingea en Easterwâlde opnij ynrjochte, sadat it wetteroerlêst better oan kin. De sleatten binne breder makke en der is ekstra wetterberging makke op it terrein fan Steatsboskbehear en op lânbougrûn. It wetterskip hat der ek nije stuwen, dûkers en dammen makke. As it no hiel bot reint, kin De Harken de protten wetter better ferwurkje.

It wetterskip hat by de oanpak fan it gebiet nau gearwurke mei de tweintich boeren dy't dêr buorkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)