Weststellingwerf kappet hûnderten sike beammen

12 des 2017 - 16:19
Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De gemeente Weststellingwerf kappet de kommende tiid hûnderten sike beammen. It binne foaral esken en kastanjes. Der wurde ek beammen fuort helle dy't driigje om te fallen of om foar te kommen dat der takken ôfbrekke. De esken binne oantaaste troch de esketakstjerte en de kastanjes troch de kastanjebliedingssykte.

Op it plak dêr't de grutte groepen beammen fuort moatte, komme der nije foar yn it plak. De gemeente hat de beammekap oerlein mei buertbewenners en doarpsbelangen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)