Blide Fisk as ferhaleferteller fiskmigraasjerivier

12 des 2017 - 15:58

It ûnderwetterlibben fan de fiskmigraasjerivier op de Ofslútdyk wurdt net allinnich oantreklik makke foar fisken, mar ek foar minsken. Tiisdei waard op de Ofslútdyk in belibbingskonsept presintearre, wêrby't in saneamde 'Blide Fisk' ynset wurdt as ferhaleferteller. De Blide Fisk moat besikers fan it Belibbingssintrum it ferhaal belibje litte fan de fisken yn de fiskmigraasjerivier.

De fiskmigraasjerivier soarget derfoar dat fisken harren frij bewege kinne tusken it swiete wetter fan de Iselmar en it sâlte wetter fan de Waadsee. Hy giet yn 2022 iepen.


(Advertinsje)
(Advertinsje)