Soargen oer begrutting fan gemeente Ljouwert

12 des 2017 - 15:57

Deputearre Steaten meitsje harren soargen oer de begrutting fan de gemeente Ljouwert oer it jier 2018. Dy begrutting foldocht neffens deputearre Sander de Rouwe net oan de kritearia. "It is koade oranje foar de gemeente Ljouwert", seit De Rouwe. De gemeente komt no ûnder repressyf tafersjoch fan de provinsje. Dat betsjut dat de gemeente hurde plannen meitsje moat, dy't liede ta in duorsum lykwicht yn de begruttings fan 2019 en de jierren dêrnei.

It nije kolleezje fan Ljouwert moat yn de maitiid fan takom jier maatregels nimme dy't liede ta in sûne begrutting. Njonken de gemeente Ljouwert, komt ek de nije gemeente Waadhoeke ûnder previntyf tafersjoch fan de provinsje. De reden hjirfoar is dat dy gemeente te let wie mei it yntsjinjen fan de begrutting.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert seit dat er de soargen fan de provinsje wol begrypt. Neffens Feitsma hat de jildpine fan Ljouwert mar ien oarsaak: de grutte tekoarten op it sosjaal domein. As sintrumgemeente hat Ljouwert dêr mear lêst fan as lytsere gemeenten. Ljouwert wol dan ek oan it ryk freegje om dêr op 'e nij nei te sjen. It meitsjen fan in sûne begrutting foar 2019 is neffens Feitsma ien fan de grutte útdagingen fan it nije kolleezje fan B en W. By de rinnende kolleezje-ûnderhannelingen stiet it heech op de aginda. "De provinsje fertelt ús net safolle nijs, mar it is no ienkear harren taak om de gemeentlike begruttingen te kontrolearjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)