Twa moanne sel foar stellerij fan telefoans

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út De Lemmer hat twa moanne selstraf krigen, om't er op syn wurk mobile telefoans stellen hat. De man wurke as sortearder by pakketbesoarger DPD op De Jouwer. Sa koe er de telefoans efterhâlde. Dat hie er ek alris earder dien.
In oare man fan De Lemmer hat de telefoans trochferkocht. Dy krige dêr in wurkstraf foar fan sechstich oeren. De man seit dat er net wist dat it om stellen telefoans gie, mar dat leaude de rjochter net.