Bekeuringen op A7 helpe net, grutste part foar telefoan

12 des 2017 - 13:54

De plysje hat de ôfrûne moannen krapoan 2300 bekeuringen útskreaun op de A7, mar it hat amper holpen. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. It tal ûngelokken is net minder wurden en ek it tal telefoanbrûkers is nettsjinsteande in healjier yntinsive kontrôle net ôfnaam. Dat wie wol de bedoeling fan de kampanje op de A7.

Fan de 2300 bekeuringen gienen der goed 950 nei minsken dy't ûnder it riden mei de telefoan dwaande wienen. It tal ûngelokken wie 306. Dat wienen der mar trije minder as yn in eardere fergelykbere perioade.

Trefwurden: 
bekeuring A7 plysje telefoan
(Advertinsje)
(Advertinsje)