Stakingsprogramma foar bern yn Drachtster Lawei

De Lawei yn Drachten biedt tiisdei troch de staking yn it ûnderwiis in 'stakingsprogramma' oan bern oan. Tsjin in lyts pryske kinne bern mei har heiten en memmen of pakes en beppes telâne by twa films en in foarstelling. Tsientallen bern, âlden en pakes en beppes makken gebrûk fan it stakingsprogramma fan De Lawei.
Moarns waard der sjoen nei de film Dikkertje Dap, om it middeisoere hinne spile de foarstelling 'Hoe licht kan een wolk zijn' en middeis wie der plak foar de film 'De Griezelbus'. Der binne knutselbanken delset en bern kinne fervje.