Tieme Klompe nije trainer Harkemase Boys

12 des 2017 - 12:16

Tieme Klompe wurdt de nije trainer fan Harkemase Boys. De 41-jierrige Klompe hat mûnling in akkoart mei de klup út de tredde difyzje. It kontrakt wurdt nei alle gedachten oan de ein fan dizze wike tekene. Klompe sil dan syn hantekening sette ûnder in kontrakt foar ien jier. Klompe is benammen bekend as spiler fan SC Hearrenfean. Acht jier lang hie er it shirt mei de pompeblêden oan. Fan 2009 oant en mei de simmer fan 2017 wie er trainer by deselde klup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)