FIDEO: Twa jier nei dwerslesy noch altyd striidber

12 des 2017 - 17:15

Twa jier nei har ûngelok makket Milou Bosscher fan It Hearrenfean stappen foarút mei har fysioterapy. It 15-jierrige famke kaam op 12 desimber 2015 op har nekke telâne by it NK trampoline springen. De artsen konkludearren in dwerslesy. Milou wie fan de nekke ôf hielendal ferlamme en dat soe sa bliuwe. Se soe nea mear stean of rinne kinne, mar de famylje Bosscher woe dy diagnoaze net akseptearje. En dat hat der no foar soarge dat Milou in pear moanne lyn, mei help fan braces, foar it earst yn twa jier wer stie.

Terapy

In pear kear yn 'e wike giet Milou nei De Roode Draak yn Biddinghuizen. It is in neuro-refalidaasjesintrum dat ferskate fysioterapy metoaden mei-inoar kombinearret. De Roode Draak hat in grut oandiel hân yn Milou har ferbetteringen. Se pushe har en besykje alle kearen nije dingen. "Wy sjogge dat Milou hieltyd sterker wurdt. Har earms wurde sterker, se kin allinnich sitten gean en hat mear kontrôle oer har eigen lichem", sei Janneke, de mem fan Milou. En doe kaam de dei dat Milou, mei braces om, wer selsstannich stean koe. "Eindelijk kon ik na anderhalf jaar weer een staan. Dat voelde wel heel vreemd!", sei Milou.

De famylje Bosscher hat yn de ôfrûne twa jier hiel wat meimakke, mar besiket no it libben wer op te pakken. Janneke: "Ik en myn man binne beide wer oan it wurk, mar it is somtiden wol swier. Je binne altyd dwaande, mar dat went ek wol wer. It grutste ferskil is noch hoe't wy nei dingen oansjogge. Lytse dingen kinne foar ús hiel bysûnder wêze. Milou hat bygelyks swarte pyt spile in pear wike ferlyn, dan binne we sa grutsk op har."

Mar de famylje is hjirtroch ek sterker wurden sizze beide froulju. Milou: "We kunnen ook heel goed met elkaar lachen. En ik merk dat onze band veel hechter is. Je hebt elkaar nodig."

Takomst

Janneke hat altyd noch hoop foar de wittenskip. "Der wurde allegearre dingen ûntwikkele, mar wy kinne der op dit stuit noch neat konkreets mei. Mar ik tink dat der noch wol wat ûntwikkele wurde sil wat Milou helpe kin, bygelyks ymplantaten yn de ruggemerch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)