Leararen basisûnderwiis stake yn Ljouwert

12 des 2017 - 11:42

Tsientûzenen learkrêften lizze tiisdei it wurk del út protest tsjin de hege wurkdruk en it lege salaris yn it basisûnderwiis. Dat betsjut dat der hiel wat bern binne dy't tiisdei net nei skoalle ta kinne. De staking wurdt laat troch de aksjegroep 'PO in actie'. Dy wol 1,4 miljard euro ekstra foar de learkrêften om de wurkdruk oan te pakken en it salaris te ferheegjen. Ek fine de basisskoalleararen it net earlik dat de kollega's yn it middelber ûnderwiis mear fertsjinje.

Yn oktober hawwe de learkrêften ek al in stakingsdei hâlden. Doe wie der in grutte manifestaasje yn Den Haag. Dy is der tiisdei net, mar der binne wol lytsere gearkomsten foar de stakende ûnderwizers. Sa ek yn Ljouwert. Dêr rinne aksjefierders om it middeisoere hinne nei it Waagplein. Der wurde in soad leararen en oare belutsenen ferwachte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)