Himpkwekerij en drugslab yn Suwâld ûntdutsen

12 des 2017 - 11:35

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Suwâld njonken in himpkwekerij ek in lab foar syntetyske drugs oantroffen. Yn in loads op it terrein waard in laboratoarium oantroffen foar de produksje fan dy drugs. Earder tiisdeitemoarn trof de plysje al in himpkwekerij oan mei tsientallen planten. In 43-jierrige man dy't ynskreaun stiet op it adres is oanhâlden. Hy wurdt tiisdei noch heard troch resjersjeurs.

De plysje en de forinsyske tsjinst dogge noch ûndersyk by de pleats en binne dwaande mei it ûntmanteljen fan it drugslab. Op itselde adres yn Suwâld waard yn 2013 ek al in himpkwekerij oprôle. De boargemaster fan Tytsjerkteradiel hat it rjocht om de boel dêr op slot te dwaan, mar hy wachtet it ûndersyk fan de spesjalisten fan de plysje ôf foardat er dêr in beslút oer nimt. 

Trefwurden: 
himpkwekerij Suwâld
(advertinsje)
(advertinsje)