De lêste wiken: de ein fan Ljouwerteradiel

12 des 2017 - 10:50

Nei in proses fan jierren mei ideeën, ynspraak, tsjinstân en kompromissen is it oer in pear wiken echt safier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 sille fiif Fryske gemeenten definityf ferdwine. Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en It Bilt geane op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. We hearre en sjogge dizze wike yn de fiif gemeenten dy't der aanst net mear binne.

Ferslachjouwer Timo Jepkema wie tiisdei yn Ljouwerteradiel, yn Stiens. Hy prate mei opsichter Anne Veendorp fan de bûtentsjinst yn de gemeente. Dy wurket al goed 33 jier foar de gemeente Ljouwerteradiel. No hat Veendorp noch it logo fan dy gemeente op syn wurkklean, mar dat wurdt aanst oars. ''It is hjir sa gemoedlik en lyts'', fertelt er. ''Wy dogge alles wat wy krije, en wy krije fan alles binnen. Oan opdrachten fan de minsken. Mar aansten krije wy allinne it grien. Dat is dochs wol skande.''

Op it mêd fan de grienfoarsjenning smyt de weryndieling foar de meiwurkers dus noch wol wat feroaringen op. ''It wurk wurdt wat iensidich. Wy hawwe aanst allinne it wurk yn it grien. Rioelearring dogge wy net mear, sâlt struie net mear. Dat is wol skande, mar it sil wol wenne hear. En ik hoech ek net sa lang mear. Wat der hjir troch de jierren feroare is yn Stiens? Net iens sa folle, mar der komme wol hieltyd mear minsken út de stêd hjir nei ta. Wy binne it wol wat wend dus.''

(advertinsje)
(advertinsje)