Yntinsive kontrôles op de A7 smite net it measte op

12 des 2017 - 09:42

Nettsjinsteande de yntinsive kontrôles op de A7 en de mear as 2200 boeten dy't útdield binne, is it oantal bestjoerders dat de mobile telefoan ûnder it riden brûkt net ôfnaam. Dêrneist is it oantal ûngelokken op de sneldyk net ôfnommen. Plysje, justysje en Rykswettersteat ha de ôfrûne moannen in kampanje fierd om ôflieding efter it stjoer tsjin te gean. Dochs wiene der tusken april en oktober 306 oanridingen, hast itselde oantal as de 309 yn deselde perioade yn 2016.

Omdat it oantal ûngelokken ek net omheech gien is, binne plysje en justysje wol tefreden oer de kampanje, dy't in soad draachflak ûnder de boargers hie. Net tefreden binne se oer de útkomst dat minsken noch hieltyd de mobile telefoan efter it stjoer brûke.

Trefwurden: 
A7 kontrôle telefoan
(Advertinsje)
(Advertinsje)