Fuotballer Martin Ødegaard langer út rûlaasje

12 des 2017 - 09:19
Martin Ødegaard - Foto: ANP

Fuotballer Martin Ødegaard komt dit jier nei alle gedachten net mear yn aksje foar SC Hearrenfean. De Noarske spiler hat al langere tiid lêst fan syn ankel. It ankel wurdt wol wer wat better, mar hat mear tiid nedich, meldt de fuotbalklup tiisdeitemoarn. De 18-jierrige middenfjilder kaam ein novimber foar it lêst yn aksje yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle. SC Hearrenfean hiert de spiler fan Real Madrid. Yn trettjin wedstriden skoarde hy ien kear.

Trefwurden: 
fuotbal Martin Ødegaard
(Advertinsje)
(Advertinsje)