Stellende jonge frou skopt plysjeman
In 19-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanholden nei't se yn in hoarekasaak yn de Alde Doelesteech in jas en beurs stellen hie. De frou makke it dêrnei noch slimmer foar harsels, troch in plysjeman in skop te jaan. De frou sit fêst en mei har in jier lang net yn de hoareka sjen litte.