Kollum: "Frijtinke is fûgelfrij wêze"

12 des 2017 - 08:29

"In treffend berjocht, sa flak foar de krystdagen: it geweld tsjin net-leauwigen, agnosten en frijtinkers wurdt ekstremer. Se wurde fûleindiger diskriminearre, efter sitten en sels deade. Dat blykt út it Freedom of Thought Report 2017 dat de Ynternasjonale Humanistyske en Etyske Uny yn it Europeesk Parlemint presintearre. Yn hieltyd mear lannen wurdt hieltyd mear jacht makke op minsken dy’t oars yn it libben stean as minsken mei in religieuze oertsjûging. En dan binne de misstannen dy’t yn it rapport per lân registrearre wurde ek noch mar it topke fan de iisberch, neffens foarsitter Copson fan de Etyske Uny. Ut eangst foar represailles wurde lang alle ynsidinten net oanjûn by ynternasjonale ûndersikers.

Ik lies dat berjocht nei in petear dat ik hân hie mei in sipier. Net dat ik wat op myn kerfstôk hie –no ja, genôch, mar dat wist hy wer net–: de oanlieding foar it petear hie mei de skriuwerij te krijen. Op in stuit rekken wy oer religy te set. Hy fertelde dat er okkerdeis in Koerd yn de finzenis meimakke hie. In toffe keardel. Se krigen in goede ferstânhâlding. Hy kaam geregeld by de man yn de sel foar in praatsje. Se hiene it oeral oer, en benammen oer muzyk. Geandewei ûntstie sawat as freonskip. Wilens ien fan dy besites kaam it ûnderwerp religy op it aljemint. De Koerd sei dat er moslim wie, de sipier sei dat hy net leaude, en dus ateïst neamd wurde koe. Dêrnei antwurde syn kammeraat dat se him yn dat gefal apart ophingje soene. De sipier lake en tocht dat it in grapke wie. Mar dat wie it net. Yn alle serieuzens werhelle syn maat dat se net-leauwigen apart fan de kristenen ophingje soene as it safier wie. De sipier wie folslein fan ’t sintrum nei hûs ta rekke.

Fan Amearika is bekend datst as net-leauwige amper of hielendal net oan in baan komme kinst. Yn oertreffende trep jildt dat ek foar it presidintskip. Behalve in slompe jild moatst iepenlik kristlik wêze, oars bist by definysje kânsleas. It is ek yn kristlik Amearika dat dokters fan abortuskliniken fermoarde wurden binne troch ekstremistyske kristenen. Yn Birma en Sri Lanka binne al in skoft ekstremistyske boeddhisten aktyf. Froeger miende ik dat boeddhisten noch gjin krobbe deatrapen, mar de moardpartijen ûnder moslimminderheden dêr litte sjen dat boeddhistyske geweld bestiet en ta etnyske suveringen laat.

It rapport liicht mei oare wurden net. Yn 85 lannen ûnderfine net- en oarsleauwigen de neidielige gefolgen fan harren libbenshâlding. En dan binne der noch ôffalligen. Minsken dy’t de islam efter harren litte, it kristendom, it joadedom of it boeddhisme. Dyjingen ha it slim dreech. En der is amper ien dy’t foar harren rjochten opkomt. Frij tinke betsjut hjoed de dei fûgelfrij wêze.

Dat, mei it each op it foarôfgeande pleitsje ik foar in alfde gebod, om mar yn styl te bliuwen. Nammentlik: Wês gjin kloatsek. Jou in oar de frijheid en de romte om te leauwen wat dy wol. Of om neat te leauwen. Sa dreech kin dat net wêze. Tank yn ’t foar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)