Snitser oppakt yn ûndersyk No Surrender

12 des 2017 - 07:48

De plysje hat in 59-jierrige man út Snits oanholden yn it ûndersyk nei motorklup No Surrender. Yn deselde saak is tiisdeitemoarn ek de 53-jierrige baas fan de motorklup oanholden yn syn hûs yn Emmen. Hy wurdt ûnder oare fertocht fan swiere mishanneling, bedriging en stellerij mei geweld. De man yn Snits wurdt derfan fertocht dat hy de No Surrender-baas yn 2014 en 2015 ynsette foar it oplossen fan saaklike konflikten yn Fryslân, wylst hy wist dat der sprake wie fan strafbere feiten.

Beide fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk. De plysje hat tiisdeitemoarn ynfallen dien yn harren wenningen yn Snits en Emmen en yn in bedriuwsgebou yn Drachten. De oanhâldingen binne ûnderdiel fan in langer ûndersyk nei de motorklup.

Trefwurden: 
No Surrender
(advertinsje)
(advertinsje)