Arriva begjint wer te riden

12 des 2017 - 06:45
Foto: De Vries Media

Ferfierbedriuw Arriva meldt dat de tsjinstregeling tiisdeitemoarn wer opstart is. De bussen en treinen ride wer, mar reizgers moatte neffens Arriva wol rekken hâlde mei fertragingen, benammen by it opstarten fan de ritten fan de bussen. Arriva helle de bussen moandeitejûn fan de dyk fanwege koade read.

Trefwurden: 
Arriva glêdens
(Advertinsje)
(Advertinsje)