Glêdens yn Fryslân ûnder kontrôle
De sitewaasje op de Fryske diken is tiisdeitemoarn gâns ferbettere. Moandeitejûn waard yn Fryslân noch koade read jûn om't de situaasje op de diken tige nuodlik wie. Arriva helle sels alle bussen fan de dyk. Rykswettersteat warskôget lykwols noch wol foar glêdens, omdat it opfrieze kin. "Net te hurd en it kopke derby", is it devys.