Drankrider rydt tsjin parkearre frachtwein

12 des 2017 - 06:07
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

In 43-jierrige drankrider út Ljouwert is moandei op de Snekertrekwei efterop in parkearre frachtwein botst. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke en hy krige in rydferbod.

De plysje hat de mobile telefoan fan in 25-jierrige Ljouwerter yn beslach naam, om't de man kontinu 112 belle. De man wie ûnder ynfloed fan drank en drugs. Nei in stevich petear krige hy syn telefoan werom.

Trefwurden: 
drankrider plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)