Troch glêdens tsjin in beam

12 des 2017 - 06:01
Foto: ANP

In autobestjoerder is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Lemsterweg tusken Bant en De Lemmer. Troch de glêdens rekke de automobilist yn de berm. Dêr botste er op in beam. De bestjoerder rekke licht ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto wie swier skansearre en is troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)