Ferwûne by wenningbrân Ljouwert

12 des 2017 - 05:54

By in wenningbrân oan de Konvooistrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei ien persoan ferwûne rekke. It fjoer bruts om ien oere hinne út. De brânwacht hat it slachtoffer en syn hûn út it hûs helle. De bewenner is oerbrocht nei it sikehûs. Nei alle gedachten hat er reek binnen krigen. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
(advertinsje)