Fries spile grutte rol by ynfiering algemien kiesrjocht

"Domela Nieuwenhuis sette him as earste persoan yn de Twadde Keamer yn foar de ynfiering fan it algemien kiesrjocht." Dat seit histoarikus Siem van der Woude fan it Frysk Histoarysk Sintrum Tresoar yn Ljouwert. Domela Nieuwenhuis siet yn de Twadde Keamer as fertsjintwurdiger fan it distrikt Skoatterlân en wie it earste sosjalistyske Keamerlid.
It is tiisdei eksakt hûndert jier lyn dat it algemien kiesrjocht ynfierd waard yn Nederlân. De ynfiering betsjutte foar Fryslân as provinsje net in hiel soad, omdat ús regio geografysk en polityk besjoen oan de râne lizzen bleau. Neffens Van der Woude fielden de Friezen har mei de ynfiering fan it algemiene kiesrjocht yn 1917 wol mear heard.