Lintsje foar Hiemstra en Posthuma fan Littenseradiel

11 des 2017 - 22:02
Foto: Henk Bootsma

Riedsleden Gosse Hiemstra en Teake Posthuma fan Littenseradiel binne moandeitejûn keninklik ûnderskieden. Se binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Se ha beide tolve jier riedslid west yn de gemeente. Fanwege de weryndieling fan Littenseradiel, waarden de 65-jierrige Hiemstra (CDA) en de 61-jierrige Posthuma (FNP) yn Wommels by de alderlêste riedsgearkomste fan de gemeente yn it sintsje set.

(Advertinsje)
(Advertinsje)