Keamermearderheid foar ynset ryk en regio by slûs Ofslútdyk

De slûzen by Koarnwertersân © De Vries Media
In mearderheid yn de Twadde Keamer is foar in nij finansieringsfoarstel foar ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. It ryk moat dêrby gearwurkje mei de regio. Dat foarstel is ôfkomstich fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie. De moasje kriget stipe fan oare partijen, sadat in Keamermearderheid derachter stiet.
Moandei waard bekend dat de slûs foarearst net ferbrede wurdt. De ChristenUnie wol dat der sa gau mooglik aksje ûndernaam wurdt. Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie: "Verbreding van de sluis is van groot belang voor de regionale, maar ook de nationale economie. Dit mogen we niet eenzijdig op het bord van de regio afschuiven. Ik wil dat de minister samen met de regio werk gaat maken van de verbreding van de sluis bij Kornwerderzand. Samen de schouders eronder!"