"Ljouwerter ûndernimmers wurde te min belutsen by LF2018"

11 des 2017 - 21:44

Ien fan de trije haadsponsors fan Kulturele Haadstêd hat krityk op it belied fan de organisaasje. It Ljouwerter Undernimmersfûns (LOF) hat der gjin fertrouwen yn dat Kulturele Haadstêd nei 2018 noch wat opsmite sil. Boppedat fine de ûndernimmers dat se te min belutsen wurde by de plannen en net genôch meiprate kinne oer de ynfolling fan it trajekt nei 2018 en dêrnei. "Kulturele Haadstêd is in oanienskeakeling fan in tal grutte eveneminten mei ynternasjonale alluere. Ast trochsette wolst nei 2028, silst in idee ha moatte hoe'st dêr opfolging oan joust", seit foarsitter Pieter Douma fan LOF.

De ûndernimmers betelje mei-inoar ien miljoen euro oan Kulturele Haadstêd. Se wolle ek noch wol mear betelje as dat nedich is, mar by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd liket dêr gjin belangstelling foar te wêzen. De saneamde legacy, dat wat der oerbliuwt, komt no neffens LOF yn gefaar. Konkrete ideeën om dy legacy te behâlden hat it ûndernimmersfûns noch net, mar yn jannewaris sille se mei wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert om tafel. Dan sille se beprate hoe't de ûndernimmers mear belutsen wurde kinne by de plannen.

(advertinsje)