VVD Ljouwert teloarsteld oer útsluting nij kolleezje

De VVD yn Ljouwert is teloarsteld oer it feit dat it net meidwaan mei oan it nije kolleezje fan de gemeente. Dat sei fraksjefoarsitter Serge Hollander moandeitejûn yn It Polytburo. De VVD wol besunigje op it sosjaal domein, wylst der ek lûden binne dat it kabinet mei ekstra jild komt foar de gemeenten. De beëage kolleezjepartijen yn Ljouwert, PvdA, PAL-Grien Links, CDA en D66, fine de VVD te konservatyf. Hollander wiist dat fan 'e hân, hy hammeret krekt op in deeglik finansjeel belied.
Yn de affêre mei de 'haat-tweets' fan partijgenoat Gert-Jaap van Ulzen toande Hollander him lulk. Yn dy tweets hie Van Ulzen it oer 'negerfascisten in een relnichtbus', doe't dy ûnderweis wienen nei Dokkum foar in anty-swarte pitedemonstraasje. It wie neffens Hollander dúdlik dat Van Ulzen net oanbliuwe koe as bestjoerslid fan de Ljouwerter VVD. Opstappe as lid fan de partij wie neffens him net nedich.