FIDEO: Aarhus draacht stokje oer oan Ljouwert Fryslân 2018
Yn Aarhûs sit it kulturele haadstêdjier der hast alwer op. Ofrûne wykein wie dêr it slotfeest foar 2017 en krige Fryslân offisjeel it stokje oerdroegen foar 2018. Noch mar in pear wike en dan barst it feestjier hjir los. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert gie nei Aarhûs en fertelt dêroer yn Fryslân Hjoed.