Arriva hellet alle bussen fan de dyk fanwege winterwaar

11 des 2017 - 19:00
Foto: De Vries Media

Ferfierbedriuw Arriva hellet fanwege it winterwaar alle bussen fan de dyk. Dat melde it bedriuw moandeitejûn om sân oere. De glêdens en de snie op de diken meitsje it te nuodlik om ride te bliuwen, seit in wurdfierder. De sjauffeurs sille harren busrit wer mooglik ôfmeitsje en de bus dêrnei teplak sette. Arriva hat om 20.00 oere hinne bekend makke dat der fan 'e jûn net mear riden wurdt. De treinen ride noch wol.

Nei alle ferwachting sil de bustsjinstregeling fan Arriva ek tiisdeitemoarn noch hinder ûnderfine fan it winterwaar. Reizgers moatte dan ek rekken hâlde mei fertragingen.

Trefwurden: 
winterwaar Arriva busferfier
(advertinsje)
(advertinsje)