Nije Skieding krijt helte minder útritten

De nije, oanpaste N358, better bekend as De Skieding, krijt de helte minder útritten. Benammen it tal partikuliere útritten giet fan mear as hûndert nei sa'n fyftich. Dêrmei kin op it mêd fan de feiligens in grutte slach makke wurde. De plannen waarden nei jierren oerlis moandei presintearre yn it projektburo by Houtigehage.
Earder hie it provinsjaal bestjoer al besletten dat der gjin nij trasee komt tusken Surhústerfean en de A7, mar dat de besteande dyk oanpast wurdt. De earste reaksjes op dy oanpassingen wiene posityf op de ynformaasjegearkomste foar bewenners. Wol hie Pleatslik Belang Surhústerfean de nedige fragen oer de ûntsluting fan it bedriuweterrein by it doarp. Se hiene graach sjoen dat ek dat meinaam wie yn dit plan, mar dat is foarearst net it gefal om't de gemeente Achtkarspelen dêr earst oer út moat.
Yn maart 2018 nimme Provinsjale Steaten in definityf beslút oer de nije dyk.