KNMI jout koade read foar Fryslân: sjippeglêde diken en snie

Warskôging foar glêdens
It KNMI hat koade read ôfjûn foar de provinsje Fryslân fanwegen it winterwaar. Ferkear moat rekken hâlde mei sjippeglêde diken en snie. De warskôging duorret oant tolve oere fannacht. Minsken wurdt oanret de dyk net op te gean as dat net needsaaklik is. De warskôging is net foar de Waadeilannen, dêr is it noch koade giel.
Yn hast it folsleine lân jildt no koade read. Allinnich yn Limboarch jildt koade giel.