"Slûs by Koarnwertersân wurdt foarearst net ferbrede"

11 des 2017 - 17:28
De Lorentzslûzen by Koarnwertersân - Foto: Rykswettersteat

De slûs by Koarnwertersân wurdt net foar 2023 ferbrede. Dat tinkt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrakstruktuer. Se reagearre dêrmei op it beslút fan de Europeeske Uny om gjin subsydzje te jaan foar de ferbreding. It Noarden hie om 26,5 miljoen euro frege. It ryk wol sels 30 miljoen euro stekke yn de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân.

Deputearre Kielstra hopet noch altiten dat 2023 helle wurdt, mar neffens minister Van Nieuwenhuizen is dat net realistysk. Se jout de provinsje en oere regionale oerheden oant july takom jier, om mei in nij foarstel te kommen.

Trefwurden: 
slûs Koarnwertersân
(Advertinsje)
(Advertinsje)