Snie-oerlêst op Fryske diken falt ta, bussen wol stillein

De oerlêst fan it winterwaar falt yn Fryslân oant no ta ta. Op ferskate diken is it glêd en wurdt stadich riden, mar de oerlêst hat noch net foar in soad ûngelokken soarge. By Eksmoarre rekke in bus fan de dyk en bedarre yn de sleat. Foar safier bekend rekken de twa ynsittenden dêrby net ferwûne.
Foar hiel Nederlân is koade read ôfjûn, útsein foar it Noarden. Foar Fryslân jildt koade oranje oant tolve oere fannacht, dêrnei jildt koade giel. Arriva warskôget dat it reizigjen mei it iepenbier ferfier mooglik mear tiid nimme sil of dat der ritten útfalle. It advys is dan ek om earst de reisplanner te kontrolearjen.
UPDATE 18.24 oere: It KNMI jout koade read foar Fryslân en warskôget foar sjippeglêde diken en snie. De warskôging jildt net foar de Waadeilannen, dêr is it noch koade giel.
UPDATE 19.00 oere: Arriva hellet alle bussen fan de dyk fanwege it winterwaar. De glêdens en de snie op de diken meitsje it te nuodlik om riden te bliuwen, seit in wurdfierder.
UPDATE 20.00 oere: Ferfierder Arriva makket bekend dat der fan 'e jûn net mear riden wurdt mei de bussen. De treinen ride noch wol.