Omrin nimt earste feimasine op grien gas yn gebrûk

Offalferwurker Omrin hat moandei de earste feimasine op grien gas yn gebrûk naam. It is in folgjende stap yn it ferduorsumjen fan alle auto's fan Omrin. De masine brûkt kwealik wetter by it feien en wurket klimaatneutraal, seit Omrin.
De masine dy't no yn gebrûk naam is, is tydlik. Hy wurdt yn febrewaris ferfongen troch in noch nijer type. Hy tankt by pompen oan de Jupiterwei en de Morsewei yn Ljouwert.