Rjochtsaak H'wyk útsteld om't riedsleden yn trein fêstsitte

© ANP
De rjochtsaak by de Ried fan Steat fan trije omwenners oer de oanlis fan in sinnepark by Haulerwyk is útsteld nei 8 jannewaris. De saak stie moandei op de aginda yn Den Haag, mar de gemeenteried fan Eaststellingwerf kaam net opdaagjen. Fertsjintwurdigers fan de ried reizgen mei de trein en kamen fanwege it minne waar net fierder as Zwolle.
De bewenners wolle de sinnekollektoaren fan Groen Leven sa min mooglik út har hûs wei sjen. Eardere beswieren soargen der al foar dat de kollektoaren net twa, mar ien meter heech wurde. Beide partijen ha ûnienichheid oer de hichte fan de 'trafohuisjes', it krekte plak fan it fjild en it plak fan de mooglike oanlis fan in hage fan 1.80 meter heech. De Ried wol de gemeente ek yn de kwestje hearre. Groen Leven is al begûn mei de bou fan it sinnepark.