Stroomsteuring SE-Fryslân foarby

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Sa'n 12.500 oanslutingen yn Súdeast-Fryslân hawwe moandeitemiddei in skoftke sûnder stroom sitten. Oarsaak wie it útfallen fan in ûnderstasjon yn Easterwâlde. Wêrtroch't dat barre koe, is noch net bekend. Troch it útfallen kamen njonken Easterwâlde, ûnder oare ek Appelskea, Bakkefean, Donkerbroek, Makkingea en Wynjewâld sûnder stroom te sitten.
De steuring duorre sa'n trije kertier.