Oarsaak brân Nyegea net te achterheljen
De oarsaak fan de brân yn in boerestâl yn Nyegea ôfrûne wykein kin net achterhelle wurde. Neffens de brânwacht is de skea oan it gebou te grut om ûndersykje te kinnen wêr't de brân begûn is. De stâl gie hielendal ferlern, it wenhûs en de twa oare stâlen binne behâlden bleaun. By de brân kamen 22 stiks jongfee om it libben.