Stroomsteuring: mear as 10.000 minsken yn SE-Fryslân troffen

Liander © ANP
Mear as 10.000 minsken yn it súdeasten fan Fryslân sitte moandei oan it begjin fan de middei sûnder stroom. It giet ûnder oare om ynwenners fan de doarpen Appelskea, Bakkefean, Donkerbroek, Makkingea, Easterwâlde en Wynjewâld. Wat der krekt oan 'e hân is, is noch net dúdlik.
Netwerkbehearder Liander meldt op de webside dat it om in kabelbreuk giet en dat dy spontaan ûntstien is. Der is in monteur nei it gebiet stjoerd.