Fryske doarpeskiednis yn eigen kanon

11 des 2017 - 13:27
De Doarpsstrjitte fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Binne jo ek wolris benijd nei de skiednis fan jo eigen doarp of stêd? En hawwe jo gjin idee wêr't dat te finen is? Yn 2018 wurdt de syktocht nei it ferline fan jo wenplak in stik makliker, want dan wurde de skiednissen fan alle Fryske doarpen en stêden byinoar sammele op de webside dorpscanon.nl.

De webside is moandei offisjeel online set, en doarpen en stêden kinne har fan no ôf dan ek ynskriuwe foar it projekt. De Fryske plakken moatte sels harren eigen skiednis útsykje, en op basis dêrfan fansels in kar meitsje wat der krekt yn harren kanon komme moat. Hjirby kinne se wol help krije fan in saakkundige, mocht dit nedich wêze. It projekt wurdt op 19 jannewaris fierder útlein yn in spesjale gearkomste. In bekende Nederlanner sil dan ek de ôftraap fan it projekt dwaan.

Trefwurden: 
Dorpscanon Doarpekanon kanon
(Advertinsje)
(Advertinsje)