Fryske restaurants hâlde har Michelinstjerren

De útrikking fan de Michelinstjerren hat moandei gjin ferrassingen opsmiten foar Fryslân. De trije Fryske restaurants dy't in stjer hiene, hawwe dy ek it kommend jier noch. It giet om de restaurants Koriander yn Drachten, Élevé yn Ljouwert en De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach.
Fan dy trije restaurants hat Koriander it langst in stjer, dat krige de beoardieling foar de tweintichste kear op rige. De Michelinstjerren wurde oan restaurants takend nei in beoardieling fan har keuken en betsjinning.