Man ferwûne by botsing yn Ljouwert

11 des 2017 - 13:04

By in botsing tusken twa auto's yn Ljouwert om it middeisoere hinne is moandei in man ferwûne rekke. Hy siet yn ien fan de auto's dy't op de krusing fan de Planetenlaan en de Anne Vondelingweg troch noch ûnbekende oarsaak op mekoar botsten. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Plysjes regelen it ferkear op de krusing. Beide auto's rekken sa swier skansearre dat se fuortsleept wurde moasten.

Trefwurden: 
botsing Ljouwert
(advertinsje)